Spesjalist lânbouwurktugen en útfiner
Abe Gerlsma wie njonken spesjalist lânbou by de Rykslânboufoarljochtingstsjinst (konsulintskip Ljouwert) útfiner en betinker fan û.o. in ierdappelloflûker, in snarebêdpoatmasine foar ierdappels en ferbetteringen oan ikkerbouwurktugen.
Yn 2011 hat der in eksposysje west yn it Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld oer it wurk fan Abe Gerlsma as lânboufoarljochter en ‘úfiner’ fan wurktugen.
Wurktugen
Abe Gerlsma ûntwikkele û.o.:
• in loflûker, earst makke troch Hercules-Bijlsma yn Frjentsjer, letter troch Machinefabriek Structural fan Hendrik de Vries yn St Anne. Der binne ek masines boud troch Bosch yn Nijverdal.
• in snarebêdpoatmasine dy’t ûnder de namme Structural yn ‘e handel brocht is troch Machinefabriek Hendrik de Vries yn St Anne.
• de beweechbere boaium foar de folautomatyske ierdappelpoatmasines fan Cramer. Troch in dosearre oanfier nei de poatketting komt der minder skea oan de kimen. Besteande masines waarden omboud troch de Franeker Landbouw Coöperatie yn Frjentsjer.
• de earste bunker-sortear ynrjochting foar ierdappels, yn gearwurking mei de Bildtse Wurkgroep yn Fryslân, by Bauke Lettinga (Nijebiltsyl).
• in fleksibele tosk foar heaskodders, yn gearwurking mei Jan Bijlsma sr. yn Frjentsjer; it middenstik wurdt fan rubber makke en oan it útein is in metalen pinne fêstmakke (û.o. brûkt by de skodders fan Charrues Mélotte yn België).
• in grûnûntsmettingsmasine mei oandreaune rol foar de ierdappelpoaterteelt mei in tal boeren yn It Bildt.
It konsulintskip Ljouwert c.q. Gerlsma hie yn de perioade 1949-1958 op it mingde bedriuw (6,8 ha) fan Aone Teake van der Ploeg yn Ried de mooglikheid om wurktugen en wurkmetoades út te prebearjen, wêrby it hynder hielendal ferfongen waard troch de trekker. Smid B. Sloots út Ried makke meastal de nedige oanpassingen oan de wurktugen.