Alsjebelieft!

Abe Gerlsma bleau oant op hege leeftyd etsen, skilderjen en eksperimintearjen. It ferstjerren yn 2009 fan syn leafste, Ybie, feroare Abe’s wr‚ld: it ljocht, lit libben, it fjild en it wetter, alles krige in oare kleur. Syn niget oan wat der om him hinne groeide en bloeide wie lykwols noch like waarm en yntins. Hy prate noch hieltyd mei syn hintsjes, stie optein op ien foet te d˚nsjen as der in (oer)pakesizzer op de stoepe stie, geniete fan tulpen dy’t krekt in pear dagen te lang yn de faas kronkelje mochten. Mar syn byldzjende ynspiraasje koe himsels net mear fine yn it hjoed, it ferline of de takomst en socht wifkjend in wei nei de ein.

As fansels kaam yn dy kontekst de fraach nei foaren, hoe’t de takomst fan Abe syn artistike neilittenskip der˙t sjen moast. Op syn fersyk en yn ‘e mande mei him is op 17 augustus 2010 de Abe Gerlsma Stifting oprjochte. De stifting stelt himsels ta doel, yn notaristaal:

  1. it hoedzjen fan de artistike neilittenskip fan de Fryske keunstner Abe Gerlsma
  2. der noed foar stean dat de etsplaten fan Abe Gerlsma wol bewarre bliuwe foar it neiteam, mar nea br˚kt wurde meie foar werprintsjen
  3. it dwaan fan alles dat mei it earderneame yn de wiidste omfieming ferb‚n h‚ldt of dat fuortsterkje kin.

Alsjebelieft! soe Abe sels sizze. Yn’e mande mei him ha wy socht nei de bÍst mooglike ynfolling fan dizze doelstellings. Yn oerienstimming dÍrmei waard nei syn ferstjerren op 19 maart 2012 de hiele samling etsplaten oerbrocht nei Tresoar. De etsÙfdrukken ha wy ynvetarisearre en yn trije ferskillende kategoryen ˚nderbrocht:

  1. Sinjearre eksimplaren;
  2. troch Abe sels goedkarde mar noch net sinjearre eksimplaren; dizzen ha we merke as H(ors) C(ommerce) en n˚mere;
  3. de proefdrukken dy’t yn it wurkatelier leine, en tsjinnen as foarbyld, of ˚nder de noemer foelen ‘work in progress’; dizzen ha we merke mei E(preuve) A(rtiste) en n˚mere. Boppedat waarden de Ùfdrukken dy’t yn de 2e en 3e kategory falle, waarmerke mei in ‘preeg’ (lykas te sjen …)

DÍrnjonken wolle we as Abe Gerlsma Stifting it wurk toanen bliuwe, troch de webside en troch it meidwaan oan en organisearjen fan ynsidintele eksposysjes.

Abe Gerlsma Stifting

Wietske Hettinga-Gerlsma, Metsje Gerlsma, Coby Gerlsma, Nelleke Gerlsma