Abe Gerlsma

Abe Gerlsma_portret

Tusken wettersomp en roekenêst lizze tweintich,
miskien wol hûndert ieuwen wrakseljen fan minske en natuer

Abe Gerlsma (Frjentsjer, 3 febrewaris 1919 – 19 maart 2012) wie in Frysk keunstskilder, grafikus en ‘útfiner’ fan in stikmannich lânboumasines.

Nei de middelbere skoalle die Gerlsma de oplieding MTS wurktúchboukunde (de lettere HTS). Yn 1945 troude hy mei Ybeltsje Annokkee; se krigen fjouwer bern. Yn de jierren nei de oarloch skildere hy dekôrs fan de revues fan û.m. Tetman de Vries en diorama’s foar û.o. de Friese Landbouwtentoonstelling en de Koopmans Meelfabrieken. Yn de oarlochsjierren makke hy al in stikmannich swart-wyt etsen fan de terpdoarpen fan Fryslân.

Njonken skilder en etser wie Gerlsma ek wurktúchboukundige en ‘útfiner’. Yn 1947 ûntwurp hy in ierdappelloflûker en kaam hy yn tsjinst by de Rijkslandbouwvoorlichtingsdienst (RLVD) yn Ljouwert. Hy ûnwikkele in tal lâboumasines, byg. foar de ierdappelteelt, dy’t û.m. troch de Frjentsjerter masinefabry Bijlsma yn produksje nommen waard. De snarebêdpoatmasine dy’t masinefabryk Miedema makke, en dy’t rûnom yn ‘e wrâld brûkt wurdt, is noch hieltyd basearre op it oarspronklike ûntwerp fan Gerlsma.

Gerlsma wie syn libben lang yn ‘e besnijing fan de bysûndere ljochtfal yn it Fryske lânskip. Fryslân yn tsjinljocht, lâns de kust of op it lân, wie it wichtichste tema fan syn skilderijen en etsen. Yn de fyftiger jierren ûntwikkele hy syn etsen op in formaat fan 50×70 sm en wurke hy faak mei twaplatedruk, yn meardere kleuren, mei sêfte ierdetinten yn akwatinttechnyk. Underwerpen wiene it Fryske lânskip, it waad, skippen en bisten. Foar it eksperimintearjen mei trije- en fjouwerplatedruk brûkte hy blommen en bloesems as ûnderwerp. De ets ‘Judaspenning’ is oankocht troch it museum fan de Japanske stêd Kochi. As keunstner boude Gerlsma in oeuvre op fan mear as 180 etsen, en in ûnbekend oantal wurken op papier en linnen.

Yn it jier 2000 ûntwikkele hy syn lêste grutte kleure-ets yn twaplatedruk, mei de titel ‘Bombrekken’; yn 2009 signearde hy syn leste skilderij op doek, mei de titel Stâlfuorje by Hichtum..

BIOGRAFY

1919
berne 3 febrewaris yn Frjentsjer, Noord 92

1937
Mulo B yn Frjentsjer

1939
earste etsplaat: ‘Wylch 1939’, 22×9 sm (nr. 1). Printe mei skuonpoetsguod en vaseline, tekenpapier fan de MTS, wollen tekken en in stikje dakgoate; de drukpers wie in rûne stôk en it eigen gewicht

1940
earste wetterferveskilderijen: ‘Fiifhuzen bij dei’ en ‘Fiifhuzen by nacht’

1941
MTS wurktúchbou yn Ljouwert

1942
– 22 jannewaris, Alvestêdetocht útriden
– eigen bedriuwke, ‘Frisia’, lijstenmakerij en etsen

1945
– troud mei IJbeltje Wietske Annokkee
– earste eksperiminten mei lânboumasines, benammen de ierdappelloflûker

1946
– dekôrs skildere foar Selskip Tetman en Jarich de Vries (‘It  kin raar beteare’)
– earste oaljeferveskilderij makke, ‘Burdaard’

1947
– priis fan f 2.000 wûn, útrikt troch it Landbouwschap yn Den Haach foar ûntwerp fan de ierdappelloflûker
– soan Sicco berne
– twa diorama’s boud en skildere t.g.f. lânbouútstalling yn Ljouwert
– diorama boud dat de hiele ierdappelbou útbyldt, fan it poatsjen oant it bewarjen yn ‘e winter (doekgrutte 2,1×40 m)
– diorama dat de wetterbehearsking fan Fryslân sjen lit, fan polder bemealling oant Teakesyl by De Lemmer (doekgrutte 2,5×15 m)
– yn tsjinst by de Rykslânboufoarljochtingstsjinst, as spesjalist wurktugen
– boppedat oanstelling as leraer ‘motoren en traktoren’ oan de Rijkslandbouw Winterschool

1949
– y.g.m. keunstskilder Stinus Veldkamp dekôrs skildere foar it toanielstik t.g.f. it jubileum fan it Friesch Rundvee Stamboek, ‘Fan jister oant register’, skreaun troch Tetman de Vries
– dochter Wietske berne

1950
– útstalling makke ’50 jaar NAK”, opdrachtjouwer Nederlandse Algemene Keuringsdienst
– earste ienrijige ierdappelloflûker yn de praktyk teste by de bruorren Buwalda, ûnder Salvert by Frjentsjer

1953
– dekôr boud jubileumrevue 100 jier PC
– dochter Metsje berne

1954
– diorama skildere fan it Fryske greidelânskip foar ti evenemint ‘Boerderij in de Beurs’, opdrachtjouwer Koopmans Meelsfabrieken yn Ljouwert (doekgrutte 3x25m)

1955
– diorama skildere t.g.f. lannelike útstalling E55 yn Rotterdam (evaluaasje fan it bedriuwslibben en it Ryk fan tsien jier ûntwikkeling nei de oarloch)
– earste trijejierrige loflûker boud

1956
– dochter Jacoba berne

1961
– earste kombinaasje loflûker-ierdappelroaier yn de praktyk brocht, yn de Noardeast Polder

1962-1963
– troch masinefabryk Bijlsma Frjentsjer wurdt in ienrijige loflûker (systeem Gerlsma) yn produksje brocht

1963
– manifestaasje ‘Frisiana’ yn Ljouwert, stand mei tema ‘ierdappelbou’ makke

1964
– oankeap en start restauraasje botter, ‘Pier Gelfs’

1967
– earste eksperiminten mei it systeem bunkersortearjen

1971
– earste demonstraasje mei de snarebêdpoatmasine (systeem Gerlsma)

1981 
– nei syn pensioen krige hy mear tiid foar de byldzjende keunsten en begûn hy te eksperimintearjen mei twaplattedruk by it etsen
– reis nei Pakistan

1985
– reis nei India

1988
– etsprosedé mei korrelige linen ûntwikkele, û.o. by de kleure-ets ‘Parrebloesem'(nr. 161) en folgjende

1990
– dekôr foar de nijjiersrevue yn Snits skildere

1992
– eksperiminten mei irisearjende pigminten (perlemoereffekt), û.o. by kleure-et ‘Japanse kers’ (nr. 172) en folgjende

1993
– kleure-ets ‘Judaspenning'(nr. 175) wurdt opnommen yn de ‘Second Kochi International Triennial Exhibition of Prints’ yn Japan

2000
– lêste etsplaat ‘Bombrekken'(nr. 182)

2009
– op 8 april ferstjert syn frou Ybie
– leste skilderij (Stalfuorje by Hichtum, 27-5-2009)

2010
– oprjochting Abe Gerlsma Stifting

2012
– op 19 maart ferstjert Abe Gerlsma

BOEKOMSLAGGEN

– ‘Dûm de Murd’, Sikke Bangma, 1986
– jubileumboek 40-jierrich bestean CMAS Dokkum, 1989
– ‘Simmerlân’, Hylke Speerstra, 1996
– ‘Under de seespegel’, Durk van der Ploeg, 2001
– ‘Ut ‘e foarein’, Simy Sevenster, 2006
– ‘Ut ‘e foarein II’, Simy Sevenster, 2007
– ‘De waarmte fan desimber’, winterboek Afûk, 2010

PROJEKTEN

1944  yllustraasjes ôfskiedsboekje foar feedokter Santema, Tsjommearum

1945  Kaart Yntocht Kanadezen

1945  ets ‘Stedhûs fan Frjentsjer’, útrikt as earste priis fan de Bondspartij fan de KNKB yn 1945

1979  foarpagina Fries Landbouwblad

1980  Nijjierswinsk Condensfabriek Friesland

1985  Kalinder leanbedriuw M. Westra, Frjentsjer

1987  Ets y.o.f. FNP

1988  Poëzykaarten Operaasje Fers

1994  etiket wynflessen Eise Eisinga Planetarium

1995  nijjierskaart provinsje Fryslân

2000  beskilderjen keunststof ko yn it ramt fan Simmer 2000, y.g.m. Nelleke Gerlsma

2005  muorreskildering Tandjong Priok, Arum, y.g.m. Nelleke Gerlsma

2008  Skriuwerskalinder

EKSPOSYSJES

PUBLIKAASJES