Abe Gerlsma
It stiet yn ús oantinken etst en printe: wat Abe Gerlsma ús as minske en keunstner oan erfskip neilitten hat, is hiel kostber. En net út te wiskjen. Wat in chroniqueur mei wurden besiket fêst te lizzen, die Abe yn byld en konstruksje. Sa’t allinne hy dat koe.
Foar my kaam dêr fan him noch wat by: ynspirearjende freonskip.
Sa hat keunstner en grafikus Abe Gerlsma ús in yndrukwekkend oeuvre skonken. It Fryske lânskip ferivige er yn al syn jiergongen, aard en sfear. Yn ljocht en tsjinljocht, oer lân en wetter, binnendyks en bûtendyks.
As útfiner en konstrukteur spile er in wichtige rol yn de mechanisaasje fan de lânbou yn it algemien en de ikkerbou yn it bysûnder. Mar as wurktúchboukundige soe hy dêrby altyd hoedzje en noedzje oer de minslike maat. Dat die er mei in bytsje wurden, mar wol mei ferfbyldingskrêft, en mei hert en siel.
Allinne al de troch him ûntwurpen ierdappelloflûker en snarebêdpoatmasine soene it swiere lânwurk ferlichtsje en tagelyk it boulân mei al syn fruchten en sparje en rindabeler meitsje.
As rykslânboufoarljochter en learaar hat er it de boeren aloan foarholden: “Brûk de masine as middel om alles wat libbet, groeit en bloeit, troch te jaan oan dejingen dy’t nei jim komme.” It wurd duorsumens wie doe noch net ta klisjee ferwurden.
Ien fan syn learlingen eartiids, wilens âld-ikkerbouwer, memorearret it sa:
‘Op de rykslânbouskoalle yn Ljouwert wie Gerlsma ús master yn de technyk én de keunst. Wy learden fan him net allinne hoe’t in masine wurke, mar ek hoe’t wy der in goede rintmaster mei bliuwe koene oer lân en frucht en libbene have. Neibesjoen haw ik my in bytsje troch him betovere field. Net foar neat hinget in kleure-ets fan myn master Gerlsma boppe it hollenein fan ús bêd. It ferbyldet ús hiele boerebestean.’
It wie bysûnder en fassinearjend Abe Gerslma as minske en master kend te hawwen. Mei wat er neilitten hat bliuwt er by ús.
Hylke Speerstra,
freon en tovenaarslearling.