Abe Gerlsma

It stiet yn ús oantinken etst en printe: wat Abe Gerlsma ús as minske en keunstner oan erfskip neilitten hat, is hiel kostber. En net út te wiskjen. Wat in chroniqueur mei wurden besiket fêst te lizzen, die Abe yn byld en konstruksje. Sa’t allinne hy dat koe.

Foar my kaam dêr fan him noch wat by: ynspirearjende freonskip. Sa hat keunstner en grafikus Abe Gerlsma ús in yndrukwekkend oeuvre skonken. It Fryske lânskip ferivige er yn al syn jiergongen, aard en sfear. Yn ljocht en tsjinljocht, oer lân en wetter, binnendyks en bûtendyks. Lês fierder >>